Jild foar leefberens doarpen

09 nov 2010 - 17:54
  • Easterwâlde út 'e loft wei sjoen

Alle doarpen yn de gemeente Eaststellingwerf krije wyk- en doarpsbudzjetten om de leefberens yn de doarpen te befoarderjen. It giet dan om tûzen euro it doarp en nochris ien euro de ynwenner. It behear fan de budzjetten komt yn hannen fan de pleatslik belangen.

It jild komt út de besteande jilden foar de pleatslike belangen, kultuer en út WMO-jild. It giet foarearst op in proef fan fjouwer jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)