"Bosnië-trauma: frou delslein"

09 nov 2010 - 16:22

De Harnzer dy't ferline jier yn Ljouwert in plysjefrou delsloech, moat gau behannele wurde. Dat hat syn advokaat tiisdei frege op de pro-forma-sitting fan it heger berop. Op de Grienewei yn Ljouwert waard de man dûm doe't er oanhâlden waard. Syn advokaat seit dat komt troch in post-traumatyske stress-stoarnis, oprûn yn Bosnië.

It gerjochtshof hat it fersyk ôfwiisd. De Harnzer waard earder troch de rjochtbank ta trije jier feroardiele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)