Petysje Fier yn Twadde Keamer

Fier Fryslân hat yn 'e Twadde Keamer in petysje oanbean foar it iepenhâlden fan twa opfangplakken foar slachtoffers fan earewraak. Ien fan dy plakken is yn Ljouwert. Dêr wurde by wize fan proef tsien fammen opfongen, mar dy proef rint takom jier ôf.
Der is in wachtlist en dêrom fynt Fier Fryslân dat de proef in fêst karakter krije moat mei jild fan Den Haach. Neffens Jannie Oenema fan Fier Fryslân is de petysje yn 'e Twadde Keamer goed ûntfongen.