Semint op dyk Werpsterhoeke

09 nov 2010 - 15:37

In frachtauto hat tiisdeitemiddei op 'e Oeriselske dyk fan Ljouwert nei de Werpsterhoeke semint ferlern. It guod is op de dyk telâne kaam. Dêrtroch wie der de hiele middei mar ien rydstrook beskikber. Der waard in feiwein ynskeakele om it guod op te rêden.

It ferkear fan Ljouwert nei It Hearrenfean kaam yn de spits dan ek hielendal fêst te sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)