Ferkearde bewenning op Skier

Skiermûntseach wol it ferkeard gebrûk fan huzen op it eilân oanpakke. Yn it doarp wurde sân gewoane hûzen brûkt as fakânsjehûs. Fierders wurde acht fakânsjehuzen permanint bewenne.
De gemeente fynt dat in probleem, om't de gewoane huzen leechstean as de toeristen der net binne. De permanint bewenne fakânsjehúskes binne net beskikber foar toeristen. Soks makket it eilân der net leefberder op. De gemeente wol no mei de eigners om tafel om oer it probleem te praten.