Trijemêster yn Harns oankaam

09 nov 2010 - 11:41

De Russyske trijemêster Shtandart is tiisdei om healwei tolven yn Harns oankaam. It skip hie dêr fannacht al oanlizze moatten. Fanwege de lege wetterstân op 'e Waadsee tusken Koarnwertersân en Harns slagge dat net.

De trijemêster jout tiisdeitemiddei it startskot foar de Tall Ships Race fan Sail 2014. De gemeenteried fan Harns stimde earst tsjin de komst fan de tall-ships. Letter gie de ried dochs akkoart. Der wurdt no 4 ton yn stutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)