Fleanfjild Amelân 'bûten skot'

09 nov 2010 - 11:33

Op it fleanfjild fan It Amelân wurdt foarearst net besunige. Dat hat de ried besletten. Op dit stuit wurdt ûndersocht hoe't it fleanfjild better út 'e kosten komme kin en hoe't it nijsgjirriger foar besikers wurde kin. B en W wolle dat earst ôfwachtsje.

It fleanfjild kostet alle jierren 110.000 euro en it smyt 31.000 op. De PvdA fynt dat der besunige wurde moat. De VVD is benaud dat de lâningsrjochten omheech gean en de minsken nei Teksel útwike sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)