Winterbannen stellen
By in garaazje oan de Wetterwille op It Hearrenfean binne hûnderten winterbannen en felgen stellen. De dieders binne nei alle gedachten it terrein op kaam troch in stek stikken te meitsjen. Op it terrein binne de konteners iepenbrutsen dêr't de bannen en de felgen yn sieten.
De lading is nei alle gedachten mei in frachtwein ferfierd.