Fakbûn easket sosjaal plan

08 nov 2010 - 22:08

De fakbûnen wolle by de rjochter ôftwinge dat se om tafel kinne mei de direksje fan De Vries Kozijnen op de Gordyk oer in sosjaal plan. Dat moat der komme foar de 130 wurknimmers dy't per 1 jannewaris dien krije. Moandei praten de fakbûnen mei de wurknimmers oer de ûntstiene situaasje.

De direksje hat de bûnen net yn it foar ynformearre oer it skrassen fan in grut tal banen. De fakbûnen binne min te sprekken oer dy wurkwize en prate oer in 'Blitzkrieg'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)