Ekstra ynfodagen OV-chipkaart

© Omrop Fryslân
Der komme yn desimber sân ekstra ynformaasjebyienkomsten foar senioaren oer de OV-chipkaart. Der wiene alve fan dy byienkomsten pland, mar dy sitte allegearre al hast fol. Grutte kloften senioaren binne al op de earste dagen ôfkommen, dêr't se alle ynformaasje krije oer it reizgjen mei de nije kaart.
Nei 1 jannewaris kin der allinnich noch mar reizge wurde mei sa'n OV-chipkaart. De strippekaart is dan net mear jildich.