Wer ferlies Jong Hearrenfean

08 nov 2010 - 20:51

Jong Hearrenfean/Emmen hat moandei de útwedstriid tsjin Jong Sparta mei 4-2 ferlern. De earste helte fan de Feansters wie net goed. Jong Sparta stie nei tsien minuten al op in 2-0 foarsprong. By it skoft wie it 3-0.

Papadopulos en Djuric, de iennichste spilers fan de A-seleksje, hiene yn de twadde helte wol súkses. Papadopulos makke de 3-1 en nei de 4-1 fan Sparta sette Djuric de 4-2. Jong Hearrenfean/Emmen hat no 14 punten út 11 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)