Soad jongeren wer oan de slach

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits docht it hiel goed as it giet om it oan it wurk helpen fan de jongerein. It wurkplein fan Snits holp mear as 900 wurkleaze jongeren oan in baan.
Yn septimber 2009 is in jongereteam út ein set om jongeren wer oan it wurk te krijen. Se helpe jongeren oant 27 jier oan in baan, in oplieding of in staazjeplak. Dat dogge se troch foaral te sjen nei kwaliteiten dy't de jongeren opdien hawwe yn oplieding, wurkûnderfining of hobbys.