Nominaasjes Dutch Game Awards

Trije dosinten fan de Fryske game-design-oplieding yn Ljouwert binne nominearre foar de Dutch Game Awards. De priis wurdt alle jierren útrikt yn ferskate kategoryen.
Gaming wurdt hieltyd populêrder. Yn Ljouwert festigje harren hieltyd mear Fryske bedriuwen dy't kompjûterspultsjes ûntwikkelje. Oan it Friesland Kolleezje en de NHL folgje no goed 160 learlingen de oplieding gaming. Ljouwert hat ek Gameship dêr't de spultsjes makke wurde.