Untromjen kreakpanden mei net

De gemeente Ljouwert mei kreakpanden yn Ljouwert net langer ûntromje. Dat hat it gerjochtshôf yn Den Haach moandei bepaald. Neffens de nije anty-kreakwet meie kreakers net nei de rjochter stappe as in gemeente mei ûntromming driget. It gerjochtshôf seit lykwols dat dat yn striid is mei it Europees ferdrach foar de rjochten fan 'e minske.
De nije kreakwet is sûnt 1 oktober fan dit jier fan krêft. Dêr stiet yn dat kreakjen strafber is.