Kezynfabryk: oerlis mei fakbûn

Meiwurkers fan it bedriuw De Vries Kezinen op 'e Gerdyk hawwe moandeitemiddei oerlis mei de fakbûnen oer hoe't it fierder moat. Fan it bedriuw krigen 130 wurknimmers freed te hearren dat se oan 'e ein fan dit jier dien krije.
Troch de ekonomyske krisis is der yn de bouwrâld gjin wurk mear foar de meiwurkers en dêrom moatte se derút. Der wurde minder huzen boud en dêrtroch is der ek minder fraach nei kezinen.