Jans wol basis net fertelle

08 nov 2010 - 13:27

Hearrenfeantrainer Ron Jans wol de opstelling foar de bekerwedstriid tsjin Nac Breda noch net iepenbier meitsje. Gewoanwei traint Jans in partij op de training mei de basisopstelling. No trainde er lykwols mei santjin spilers: de seleksje foar tiisdei.

De kâns is wol grut dat Hearrenfean mei deselde basis begjint. "Er zal niet veel veranderen'," sa sei Jans nei de training.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)