Grutte oarders Sina op komst

08 nov 2010 - 12:19

Ljouwert begjint in ekonomyske bân mei de Sineeske stêd Liyang. In delegaasje fan de gemeente en guon bedriuwen op it mêd fan duorsumens hawwe yn Sina west. Liyang moat de earste duorsume stêd fan Sina wurde. De Sinezen hawwe hjir by de sinneboatrace sjoen dat der in soad kennis en technology is.

Ljouwert en Liyang hawwe ferklearrings tekene dy't liede kinne ta kontrakten foar 30 miljoen euro. Dat is foar sinnepanielen, rûnfeartboaten en technology foar in biogasynstallaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)