Vitens ûndersiket probleem

Wetterbedriuw Vitens ûndersyket it probleem mei de fluitsjende en knallende wettersieders en senseo's. Neffens in wurdfierder wurde alle klachten serieus naam en is eltsenien yn it bedriuw dy't der wat fan ôf wite kin op 'e hichte. Op dit stuit kinne se net betinke wat it wêze kin. Allinnich de kleur fan it wetter is feroare, fierders neat.
De redaksje fan Omrop Fryslân hat no 279 reaksjes krige fan knetterjende en fluitsjende senseo's en wettersieders.