Hûnderten klachten oer Vitens

08 nov 2010 - 10:09

Op de redaksje fan Omrop Fryslân binne hûnderten klachten binnenkaam oer knetterjende en fluitsjende senseo's en wettersieders. Omrop Fryslân hat ûndersyk dien nei klachten dy't ûntstiene neidat wetterbedriuw Vitens it wetter yn it westen fan Fryslân helderder makke hat.

De minsken dy't reagearje, herkenne it ferhaal. Se ûnderfine sels ek dat de apparaten mear lûd meitsje. It fluitsjen wurdt faak omskreaun as it lûd fan in startend fleantúch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)