Famke slein mei fytsketting

In 16-jierrige famke út Ljouwert is sneintejûn swier mishannele troch in ûnbekende jonge. Se fytste mei twa freondinnnen op 'e Bleekleane. De jonge helle de groep yn en doe ûntstie der in wurdewikseling. De jonge bleau stean mei de fyts en sloech it 16-jierrige famke mei in fytsketting en mei de hân. Dêrnei naaide er út.
De plysje hat socht nei de jonge, mar hy is net fûn.