Protte reaksjes wettersieders

Op de redaksje fan Omrop Fryslân binne al tsientallen reaksjes binnenkaam oer knetterjende en fluitsjende senseo- apparaten en wettersieders. Omrop Fryslân hat ûndersyk dien nei klachten dy't ûntstiene neidat wetterbedriuw Vitens it wetter yn it westen fan Fryslân helderer makke hat.
De minsken dy't reagearje herkenne it ferhaal. Se ûnderfine sels ek dat de apparaten mear lûd meitsje. It fluitsjen wurdt faak omskreaun as it lûd fan in fleantúch.