Kuipers wint 1500 meter

Simon Kuipers (foto: Sportfoto.nl)
Simon Kuipers hat snein de 1500 meter op it NK ôfstannen wûn. Syn tiid wie 1.44.81. Twad waard Olympysk kampioen Mark Tuitert (1.45.86) en tred Stefan Groothuis (1:46.31).
Kuipers ried in kampioenskipsrekôr op it iis fan Thialf. Inkeld Shani Davis hat hurder riden op It Hearrenfean. Sjoerd de Vries fan Twellingea einige op it dield tolfde plak.