Mishanneling yn Snits

07 nov 2010 - 13:47

Twa mannen (21 en 23) út Wymbritseradiel binne sneontenacht oanhâlden. Se wurde fertocht fan mishanneling. Se wiene ferfelend yn in hoarekagelegenheid yn Snits.

It personiel frege har dermei op te hâlden. Doe't se dat net diene, moasten se fuort, mar dat diene se net. Personiel hat se mei help fan oare portiers der út set. Dêrby luts ien fan de fertochten in pluk hier út de holle fan in meiwurker. De mannen sitte fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)