Wurk oan spoar Snits op skema

07 nov 2010 - 12:08
  • (foto: Henk Bootsma)

It wurk oan it spoar yn Snits rint op skema. Dit hiele wykein is spoarbehearder Prorail dwaande mei de oanlis fan 260 meter nij spoar. Der komme twa wiksels by en in nije spoarwei-oergong by it stasjon Noord. Ek wurdt der befeiliging op it spoar oanbrocht.

De wurksumheden wurde dien om in bettere ferbining te krijen tusken Snits en Ljouwert. Fan heal desimber ôf rydt der trije kear yn de oere in trein nei Snits en werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)