SC Hearrenfean wint by gelok

06 nov 2010 - 22:52

Troch in eigen doelpunt fan Birger Maertens fier yn de ekstra tiid hat Sportklup Hearrenfean mei 3-2 wûn fan Heracles Almelo. Yn in ridlike earste helte kamen de Feansters troch Michel Breuer mei in kopbal en Roy Beerens út in strafskop op 2-0. Dat ferskil hie grutter wêze moatten.

Yn de twadde helte spile de thúsploech folle minder en kaam Heracles troch Willie Overtoom (ek in strafskop) en Everton op 2-2. Mei tank oan Maertens waarden it dochs noch trije punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)