Swimles foar flechtlingen

06 nov 2010 - 16:05

Tsien asylsikers yn Eaststellingwerf ha sneon foar it earst yn har libben swimles hân. De les is in inisjatyf fan flechtling Hamid Mirzei. De Afgaan makke him soargen oer al it wetter yn Nederlân. Hy kin net swimme. Goed seis jier is in asylsiker fan 16 jier ferdronken yn de Kanadamar by Elsloo.

It wie lestich om de swimlessen te organisearjen, benammen om't de flechtlingen sels gjin jild hawwe. Dit is oplost mei in lytse eigen bydrage en fûnsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)