Bestjoerders oanhâlden

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter (28) is freedtenacht oanhâlden om't er sûnder rydbewiis en ûnder ynfloed fan GHB en alkohol yn in stellen auto ried. Hy waard op de Willem Lodewijkstrjitte oan de kant set en meinaam nei it plysjeburo. Der die bliken dat er speed by him hie. De auto is yn beslach naam. Hy sit fêst.
De plysje hat freedtejûn op De Kaden in Drachtster (38) oanhâlden. Hy ried yn in auto wylst him dat ferbean wie. Hy hie noch boetes iepenstean. Syn auto is yn beslach naam.