Agressive Ljouwerter oppakt
In Ljouwerter (25) is freedtenacht oanhâlden. Hy wie op de Grinzerstrjitwei samar ynriden op in 22-jierrige fytser en syn freondinne. Doe't de fytser dêr wat fan sei, stapte de Ljouwerter út en skopte en sloech it slachtoffer.
In tsjûge koe de agressiveling oanhâlde en helle de plysje derby. Dy namen de Ljouwerter mei nei it buro. De man sit noch fêst.