Bedriuwen wolle spoar

It bedriuwslibben is posityf oer it oanlizzen fan in spoarline tusken Hearrenfean en Grins. Bedriuwen lykas Arriva binne ree der jild yn te stekken as der mar gau dúdlikens komt oer ûnder oare de lingte fan de konsesje, de tiid dat se der ride meie.
Dat ha se freed oanjûn by de provinsje. De politike partijen binne de lêste tiid net al te entûsjast mear oer de plannen fanwege de kosten fan 599 miljoen euro..