Ferkear A6 moat omride
Ferkear dat út Fryslân wei nei Amsterdam wol, moat rekken hâlde mei in omlieding. Op de Ketelbrêge yn Flevolân hat op sneontemoarn in deadlik ûngelok west.
De A6 is fanwege ûndersyk oant it begjin fan de middei ôfsletten. Ferkear moat omride oer de Ofslútdyk of fia Swolle.