Plysjes op Twitter

Fyftjin plysjes yn Ljouwert en Noardeast-Fryslân binne tenei te folgjen fia Twitter. De buertaginten sille de minsken meinimme yn harren wurk, harren om help freegje of warskôgje foar bûsehifkers.
Neffens de plysje is it wichtich om sichtber te wêzen foar it publyk, ek fia ynternet. De plysje sjocht Twitter as in ienfâldige en flugge manier om mei minsken yn kontakt te kommen.