Twa ferwûnen De Lemmer

06 nov 2010 - 08:16

Twa autobestjoerders binne freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de rûnwei fan De Lemmer. Twa auto's botsten doe't in 22-jierrige autobestjoerder op in T-splitsing remme. In 19-jierrige bestjoerder út Bantegea koe de stilsteande auto net mear ûntwike.

Ien fan de bestjoerders moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. De bestjoerders binne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)