Fleis stellen by slachter

06 nov 2010 - 08:12
  • De priiswinnende gehakballen

By slachter Smit oan de Nijbuorren yn Ternaard binne yn de nacht fan tongersdei op freed hûnderten kilo's fleis stellen. Slachter Smit hat krekt fan 'e wike in priis wûn mei syn gehakballen. Dy ha de dieven lizze litten. Wol binne grutte hompen fleis fan bêste kwaliteit meinaam.

Om deryn te kommen is in doar fernield. De famylje Smit wennet neist de slachterij. Sy hawwe neat fernommen fan de dieverij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)