Boer pakt titel op 500 meter

Margot Boer fan Grou hat op it iis fan Thialf de nasjonale titel op de 500 meter pakt. Se wie nei twa 500 meters krekt flugger as Laurine van Riessen dy't twadde waard. Op in moai tredde plak einige Marrit Leenstra fan Wikel.
Marianne Timmer, ploechgenoat fan Margot Boer, gie tidens de twadde rit ûnderút en die dus net mear mei foar de titel. Margot Boer, Laurine van Riessen, Marrit Leenstra, Marianne Timmer en Thijsje Oenema fan De Jouwer ride takom wike de wrâldbeker op Thialf.