'Bekladding net raar'

05 nov 2010 - 18:32

Wa't de bal keatst kin 'm werom ferwachtsje. Dus as je as PVV in oardiel ha oer moslims kinne jo ferwachtsje dat oaren ek in miening oer jo ha. Dat seit Ate de Jong fan it anty-diskriminaasjeburo Fryslân.

Hy fynt de aksje de fier by troch. De Jong reagearret dêrmei op de bekladding mei heakkekrusen op de dyk en in boerd by it hûs fan PVV-frijwilliger en mooglik kandidaat steatelid Jan Lautenbach fan Aldwâld. De linkse aksjegroep AFA hat dy opeaske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)