Snitsers ferwûne by ûngelok

It plak fan it ûngelok by Onstwedde (foto: Dennie Gaasendam, 112 Grinslân)
In echtpear út Snits is freedtemiddei ferwûne rekke by in botsing yn it Grinslanner Onstwedde. In 30-jierrige Snitser ried mei syn auto achterop in oare auto. Omdat de Snitser ûnderweis wie mei frou en trije bern waard grut alaarm slein en waarden acht ambulânses nei it ûngelok stjoerd.
By ûndersyk die bliken dat de bern neat mankearden. De Snitser en syn frou rekken licht ferwûne, ien fan de folwoeksenen yn de oare auto ek. De auto's rekken slim skansearre.