Heakkekrusen feroardiele

05 nov 2010 - 16:22

Kommissaris fan 'e Keninginne John Jorritsma fynt it oanbringen fan heakkekrusen by de wente fan in kandidaat-steatelid fan de PVV 'Fryslân ûnweardich'. PVV-lieder Geert Wilders neamt de aksje onaanvaardbaar.

De heakkekrusen waarden yn de nacht fan tongersdei op freed oanbrocht by de wente fan kandidaat-steatelid Jan Lautenbach fan de PVV yn Aldwâld. Yn in tillefoantsje nei Omrop Fryslân easke aksjegroep AFA de die op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)