Tiny Mulder: soad reaksjes

05 nov 2010 - 12:32

It ferstjerren fan Tiny Mulder is foar in soad minsken dy't mei har wurken in skok. De ferneamde skriuwster wie al lange tiid siik en tongersdei is se yn 'e âldens fan 89 jier ferstoarn. Mulder wie sjoernaliste by it Friesch Dagblad. Sa skreau se boeken en gedichten en yn 1986 krige se de Gysbert Japicxpriis foar har oeuvre.

Teake Oppewal fan Tresoar hie in soad kontakt mei har en is oanslein troch har fertsjerren. Oppewal fûn Tiny Mulder in yndrukwekkende persoanlikheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)