PVV skrikt fan heakkekrusen

Heakkekrús yn Aldwâld flak by it wenhûs fan Lautenbach
By it hûs fan PVV-steatekandidaat Jan Lautenbach yn Aldwâld binne yn de nacht fan tongersdei op freed heakkekrusen oanbrocht. It giet om in aksje dy't yn in anonym tillefoantsje oan Omrop Fryslân opeaske is troch de AFA, de Anti Fascistische Actie.
Op de dyk foar Lautenbach syn hûs, op syn autorút en op in boerd yn de tún binne de heakkekrusen skildere. Lautenbach hat oanjefte dien. De PVV siet bot skrokken te wêzen fan de aksje fan AFA.