Heakkekrusen by hûs Lautenbach

05 nov 2010 - 09:56
  • It heakkekrús op 'e dyk by it hûs fan Lautenbach yn Aldwâld

By it hûs fan PVV-steatekandidaat Jan Lautenbach yn Aldwâld binne fannacht heakkekrusen oanbrocht. It giet om in aksje fan de AFA, de Anti Fascistische Actie Fryslân. Op de dyk foar syn hûs, op syn autorút en op in boerd yn de tún binne de heakkekrusen skildere.

Lautenbach hat oanjefte dien by de plysje foar bedriging. Jan Lautenbach stiet op de list fan de PVV foar de kommende steateferkiezings. Dêrfoar hat er goed 30 jier aktyf west yn de FNP.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)