Feanfroulju nei twadde plak

De froulju fan Sportklup Hearrenfean binne fan it fyfde nei it twadde plak klommen. Troch in doelpunt yn de fjirde minút van Shanice van de Sanden wûn Hearrenfean mei 1-0 út fan FC Zwolle.
De oerwinning tsjin de hekkesluter Zwolle wie neffens trainer Mulder fertsjinne. Hearrenfean krige in soad kânsen, mar makke se net ôf. Hearrenfean is no dield twadde mei FC Twente en ADO Den Haach.