'Gjin fúzje mei Hearrenfean'

Hearrenfean wol dochs fúsearje mei Skarsterlân en Lemsterlân
De gemeente Skarsterlân is bot fernuvere oer de fúzjeplannen fan buorgemeente Hearrenfean. Dy wol noch hieltyd graach ien gemeente wurde mei Skarsterlân en ek Lemsterlân, wylst dizze beide al fiergeande fúzjeplannen ha mei Gaasterlân-Sleat.
It úteinlike fúzjebeslút leit by de Twadde Keamer. Dy krijt advys fan de provinsje oer wat de bêste fúzjemooglikheden binne. Dat advys is takom maitiid klear.