Oerlis oer CO2-opslach

04 nov 2010 - 21:13

Minister Verhagen fan Ekonomyske Saken wol op koarte termyn oerlis mei de noardlike provinsjes oer eventuele opslach fan CO2. Earder wiene der plannen om it gas as proef op te slaan yn de grûn fan Barendrecht, mar omdat de ynwenners fan it plak dêr tsjin binne giet dat net troch.

Verhagen wol no oerlizze oer opslach yn it Noarden. De provinsje Fryslân hat him dêr earder al tsjin útsprutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)