Banen fuort De Vries Kozijnen

04 nov 2010 - 17:17

By it bedriuw De Vries Kozijnen op 'e Gordyk ferdwine 130 banen. Dêrmei komt de helte fan it personiel op strjitte te stean. It ûntslach is it gefolch fan in reorganisaasje by it memmebedriuw Doorwin Groep. Dêr ferdwine hast 200 banen, sa meldt it fakbûn CNV.

As oarsaak wurdt de krisis yn de bou oanhelle, wêrtroch't der folle minder fraach is nei kezinen. De meiwurkers krije freed te hearren wa't der krekt út gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)