Hearrenfean wol Skarsterlân

De gemeente Hearrenfean sjocht Skarsterlân en Lemsterlân noch altyd as takomstige fúzjepartner, ek al hawwe dy twa al oanjûn net te wollen. Boargemaster en wethâlders fan Hearrenfean hawwe tongersdei bekend makke hoe't se de takomst fan de gemeente sjogge.
Der binne ek noch twa oare opsjes yn byld. It giet dan om gearwurking mei Smellingerlân en it taheakjen fan in stikje Skarsterlân, Opsterlân en Boarnsterhim oan Hearrenfean.