'Nij Thialf kin net út'

04 nov 2010 - 15:41
  • Renovaasje âlde lokaasje goedkeaper

In nij Thialf op It Fean mei sawol in trainingsbaan foar de profesjonele reedriders as in rekreaasjebaan kin hielendal net út. Der sit in gat yn de eksploitaasje fan sa'n baan fan acht- oant njoggenhûnderttûzen euro.

It potsje mei ryksjild dêr't in alhiel nij Thialf út betelle wurde moat, akseptearret gjin nije oanfragen mear en dêrom liket renovaasje fan it hjoeddeistige Thialf it meast foar de hân te lizzen. Dat seit direkteur Jarko Nieweg fan Thialf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)