Popkelder Snits yn Geaubrêge

04 nov 2010 - 15:11

Popmuzikanten yn Snits en omkriten krije in nije oefenromte op in wol hiel bysûnder plak: de Geaubrêge. Troch it akwadukt en de nije ringwei om Snits is dy oerstallich. Mar it gebou hat wol in monumintale wearde foar de stêd.

De âlde popoefenromte wie der net mear en doe foel it each fan de stichting Timpaan op de Geaubrêge. Nei ien besite mei in arsjitekt wie elkenien optein. De ferbou kostet 350.000 euro, susidiearre troch de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)