Hamburger nei WK-finale

Sjoerd Hamburger
Sjoerd Hamburger hat mei de Holland-acht de finale helle op it WK roeien yn Nij-Seelân. Fia de herkânsing pleatste de ploech him mar krekt foar de finale. De Nederlanners pleatsten har troch Sina trijehûndertste foar te bliuwen. Yn de searje einige Nederlân achter Australië.
De âld-ynwenner fan Aldeberkeap docht foar it earst mei oan it WK yn de Holland-acht. Earder wie hy skiffeur. Ferline jier helle de ploech noch in brûnzen medalje.