Jongereinketen foar rjochter
It tal jongereketen yn Littenseradiel is de ôfrûne twa jier sakke fan 14 nei 6. Dochs stie de gemeente tongersdei foar de bestjoersrjochter yn Ljouwert fanwege syn ketebelied. De saak is oanspand troch it hoarekabûn. Dat fynt dat de keten ûnearlike konkurrinsje binne foar kafees yn Littenseradiel.
Kafees moatte har oan allegear regels hâlde, de jongereketen net. De gemeente gedoocht de keten om oerlêst fan jongeren yn de stringen te hâlden. Op 16 desimber is de útspraak.