Aksje opfangprojekt froulju

It opfangprojekt foar slachtoffers fan geweld dat oan eare latearre is, moat trochset wurde. Dat stiet yn in petysje, dy't helpferlieningsynstânsje Fier Fryslân nije wike oan de Twadde Keamer oanbiede sil. De opfang fan jonge slachtoffers fan sok geweld is in proef dy't takom jier ôfrint.
Neffens Fier Fryslân moat de opfang fan froulju in struktureel karakter krije. Ek omdat yn de reguliere jeugdsoarch te min kennis is fan dy problematyk, sa stelt Fier Fryslân.